Fryslân – Elburg 1-3
It wie wer tiid foar Europeesk volleybal ôfrûne sneon*. Nei eardere aventoeren yn de provinsjes Grins, Overijssel, Gelderlân, Noard-hollân,Noord-Brabant en Limburch stie dit kear in besite oan Fryslân op it programma. Sûnder Gert-Jan, want dy dronk leaver bier yn Nordhorn. Daniel, dy oeral de wei kent fanwege binne ynternasjonale karrière as krantenbezorger, gie op eigen gelegenheid. De rest fan it team gie fuort op hoopje fan seine rjochting Ljouwert foar de confrontatie mei VC058, de volleybaltrots fan het Heitelân. It is fansels verleidelijk om by wedstriden mei Fryske tsjinstanners allegear cliché’s oer grutte Pieren, stugge minsken en oare Fryske folklore út de kast te helje, mar dat dogge wy net. Wy waarden nammentlik bysûnder hertlik ûntfange, doe’t wy fia Snits, Drylts, Sleat, Starum, Hylpen, Warkum, Boalsert, Harns, Frjentsjer, Dokkum en in stikje Bonkefeart it prachtige nije sportcomplex Wiarda betraden. Op oanwizing fan in attente pleatslike fuotballer rûnen wy trije kear om it gebou en as fansels iepene him in doar dy tagong joech oant it walhalla fan it Fryske volleybal. Yn de nok fan it kompleks is him in kantine mei útsicht op de sportzaal en de naastgelegen fuotbalfjilden. Ús hert sprong iepen doe’t de fêste bespiler dêrfan it romrofte Blauw-Wit blykte te wêzen. Mei entûsjaste aanmoedigingen holp Robert fan Esterik heechst persoanlik it fjirde alvetal nei in kreas 4-1 winst op it heger aangeslagen QVC. Nei twa rûntsjes kofje, in potsje tafelbiljart en tafelvoetbal daalden wy ôf nei decatacomben foar ús eigen wedstryd. Daniel meldde telefoanysk...