It wie wer tiid foar Europeesk volleybal ĂŽfrĂ»ne sneon*. Nei eardere aventoeren yn de provinsjes Grins, Overijssel, GelderlĂąn, Noard-hollĂąn,Noord-Brabant en Limburch stie dit kear in besite oan FryslĂąn op it programma. SĂ»nder Gert-Jan, want dy dronk leaver bier yn Nordhorn. Daniel, dy oeral de wei kent fanwege binne ynternasjonale karriĂšre as krantenbezorger, gie op eigen gelegenheid. De rest fan it team gie fuort op hoopje fan seine rjochting Ljouwert foar de confrontatie mei VC058, de volleybaltrots fan het HeitelĂąn. It is fansels verleidelijk om by wedstriden mei Fryske tsjinstanners allegear clichĂ©âs oer grutte Pieren, stugge minsken en oare Fryske folklore Ășt de kast te helje, mar dat dogge wy net. Wy waarden nammentlik bysĂ»nder hertlik Ă»ntfange, doe’t wy fia Snits, Drylts, Sleat, Starum, Hylpen, Warkum, Boalsert, Harns, Frjentsjer, Dokkum en in stikje Bonkefeart it prachtige nije sportcomplex Wiarda betraden. Op oanwizing fan in attente pleatslike fuotballer rĂ»nen wy trije kear om it gebou en as fansels iepene him in doar dy tagong joech oant it walhalla fan it Fryske volleybal. Yn de nok fan it kompleks is him in kantine mei Ăștsicht op de sportzaal en de naastgelegen fuotbalfjilden. Ăs hert sprong iepen doe’t de fĂȘste bespiler dĂȘrfan it romrofte Blauw-Wit blykte te wĂȘzen. Mei entĂ»sjaste aanmoedigingen holp Robert fan Esterik heechst persoanlik it fjirde alvetal nei in kreas 4-1 winst op it heger aangeslagen QVC. Nei twa rĂ»ntsjes kofje, in potsje tafelbiljart en tafelvoetbal daalden wy ĂŽf nei decatacomben foar Ășs eigen wedstryd. Daniel meldde telefoanysk…
Lees verder